Tariedings yn folle gong.

Elk is drok dwaande om der foar te soargjen dat Kening & Kening yn maaie klear is om it publyk wolkom te hjitten.
Theo is mei de spilers sûnt begjin jannewaris binnendoar oan it repetearjen. De bouploech is al in hiel ein mei it meitsjen fan it dekôr.  Nije wike woansdei wurd der foar it earst bûten op de lokaasje rippetearre, altyd in bysûnder momint, dan komt it echt ta libben. De naaiploech is drok dwaande mei alle kostuums, alle omballingen wurde by inoar fondele en it bestjoer besiket alle râne-saken te regeljen.
De kaartferkeap is healwei maart útein set en dat giet boppe ferwachting: de premiére is al útferkocht.

 

Nijsoersjoch