Spyldata & ynfo

Op 6 (try out), 7, 8, 9, 14, 15 en 16 maaie 2020 spilet Iepenloftspul Burgum ‘Schindlers List’. 75 jier nei it ein fan de Twadde Wrâldoarloch spilet it ferhaal fan Oskar Schindler, dy’t yn de oarloch 1100 Joaden rêden, him ôf by it âld molkfabryk fan Burgm. De regy en de toanielbewurking binne yn hannen fan Theo Smedes.

Wat kinne jo ferwachtsje? As jo it teater ynkomme dan fiele jo de sfear fan de Twadde Wrâldoarloch. De Joaden, dêr’t op del sjoen wurdt, de Dútske kampkommandant dêr’t jo gjin sympatie foar krije. Der sille sênes te sjen wêze wer by jo de eachen wol even ticht knipe wolle. It is toaniel mar it is wol bard.
Wy tinke dat dit stik net geskikt is foar jonge bern.

Wêr: binnenplak fan it âld molkfabryk fan Burgum, Bergumerdam 28, Burgum.
Oanfang: 21.00 oere.
Tagongspriis: € 22,00, try out € 18,50.

Kaarten bin te keap op dizze webside en by Anka Dupon (betelje mei kontant jild), Noordersingel 36, Burgum
Iepen fan tiisdei o/m freed fan 9.30 – 12.15 oere en fan 13.15 o/m 18.00 oere.
Sneons iepen fan 9.30 – 12.30 oere en fan 13.00 o/m 17.00 oere.
Extra iepen op moandeimiddei 23 desimber fan 13.15 -17.00 oere.

Spyldata 2020

• woansdei 6 maaie (try-out) – reservejûn wurdt noch bekend makke
• tongersdei 7 maaie (premiere) -reservejûn 10 maaie
• freed 8 maaie – reservejûn 11 maaie
• sneon 9 maaie -reservejûn 13 maaie
• tongersdei 14 maaie – reservejûn 17 maaie
• freed 15 maaie -reservejûn 18 maaie
• sneon 16 maaie -reservejûn 20 maaie

Kaartferkeap