Faak stelde fragen

 

📍 Lokaasje, berikberheid en parkearje

In iepenloftspul wurdt spile yn….de iepenloft! Ik wol libje! wurdt opfierd op in prachtige lokaasje oan de Burgumermar by de Engie Energiesintrale. Op de tribune sitst op plastic kûpstoultsjes en foar wat ekstra komfort is in kessentsje en in kleedsje miskien wol noflik.

It adres foar de navigaasje is Koumarwei 2 Burgum mar do kinst ek op dizze link nei Google Maps klikke.

Folgje de oanwiizings en parkeer jo auto op it parkearplak foar de Sintrale.

De lokaasje is minder goed te berikken mei it iepenbier ferfier. De bushalte dy’t it tichtste by is, is de halte Noardburgum-Zomerweg (lijn 13) en dêrwei is it noch 2 km rinnen.

Op it hiele terrein mei net rookt wurde.

🗓️ Data, tiden & taal

Foar de spyldata kinne jo terjochte by de kaartferkeap.

De foarstelling Ik wol libje! begjint alle jûnen om 20:15 oere. De tribune giet om 20:00 oere iepen. Kom op ‘e tiid, want nei it begjin kinne wy gjin besikers mear talitte. 

De foarstelling duorret sa’n 1 oeren en 40 minuten en hat in skoft (pauze). Yn de pauze kinne jo efkes nei it toilet en is de bar iepen.

Ik wol libje! is folslein Frysktalich.

⛈️ Min waar, wat no?

By min waar (te hurde wyn, hiele dikke buien of by tonger) wurdt de foarstelling skrast. Wannear ’t in foarstelling net trochgean kin, meitsje wy dit om 18.00 oere op de jûn sels bekend fia ús webside, social media en e-mail. By in bytsje rein kin de foarstelling gewoan trochgean. Paraplu’s binne net tastien omdat de minsken achter dy dan neat sjogge.  Ponsjo’s en reinjassen binne dêrom better.

As it net mooglik is om te spyljen, wurdt de foarstelling ferpleatst nei ien fan ûndersteande ynhelopsjes. De kochte tickets binne dan jildich foar de nije datum.

  • Snein 13 septimber om 20:15 oere
  • Moandei 14 septimber om 20:15 oere
☕️ Iten & drinken

Foar en nei de foarstelling binne jo fan herte wolkom by ús geselliche bar foar kofje, tee en oare drankjes. Ek binne der lytse flaubiten (snacks). De bar is iepen fan 19:15 oere ôf en bliuwt nei ôfrin iepen om gesellich nei te praten en te borreljen. 

Betelje kin allinnich mei pin of creditcard.

Ek net ûnbelangryk: der binne húskes!

🦽 Tagonkelijkheid

Rolstoel of in beheining? Nim kontakt op mei kaartferkeap@iepenloftspul.nl. We helpe dy dan persoanlik fierder.

🎫 Kaartferkeap – Algemien

Kaartsjes keapje foar Ik wol libje! kin fanôf 14 maaie 2026 op dizze webside.

Kaartsjes hoege net printe te wurden (mei wol) en kinne op it skerm fan de tillefoan toand wurde.

Sitplakken wurde net tawiisd – jo kiese dus sels in plakje op de tribune. 

Foar de reguliere foarstellingen jilde ûndersteande tariven per kaartsje.
Regulier ticket: € 25,-
Foar de try-outs is der in koarting fan € 5, – it ticket. 

In fraach oer de kaartferkeap? Sjoch earst goed nei de faak stelde fragen! Stiet jo fraach der net by? Stjoer dan in mail nei kaartferkeap@iepenloftspul.nl.

🎫 Kaartferkeap – Kin ik myn kaart(en) wer ynruilje?

Kochte kaartsjes kinne net wer ynruile wurde. Kinst ûnferwachts net komme, dan kinst dyn kaartsje oanbiede fia bygelyks TicketSwap.

🎫 Kaartferkeap – Is der in wachtlist foar kaarten?

Nee, der is net in wachtlist. At in foarstelling útferkocht is en der komme wer kaarten beskikber dan kinne jo dat sjen op de webside fan de kaartferkeap en/of op ús socials.

🎫 Kaartferkeap – Ik bin myn mail mei de kaartsjes kwyt!

Jout neat, dat oerkomt de bêsten 😉. 

Mei de webside Zoek mijn ticket kinst sels de kaartsjes opsykje. Dat wurket sa:

  1. Gean nei Zoek mijn ticket.
  2. Sykje yn de app of webside fan dyn bank de betelling fan de kaartsjes op en  kopiearje de folsleine omskriuwing, 
  3. Plak de omskriuwing yn it fjild Betalingsomschrijving en klik op Haal tickets op. 
  4. It systeem fynt dan opnij de kaartsjes.

Slagget dit ek net, nim dan efkes kontakt op mei kaartferkeap@iepenloftspul.nl