9-9-2026 Yn de Ljouwerter Krante fan hjoed rom omtinken foar it iepenloftspul Burgum mei in ynterview en prachtige foto’s fan de spilers en it dekôr. Klik hjir om yn te zoomen
Lês fierder
Yn ferbân mei it minne waar giet de foarstelling jûn (tiisdei 8 septimber) NET troch. De foarstelling wurdt ferskeaun nei ús earste reservedatum op snein 13 septimber op deselde tiid (20:15).
Lês fierder
7-9-2026 RTV NOF makke dizze reportaazje weryn in ferskaat oan spilers en oare meiwurkers fertelt oer Ik wol libje!, de foarstelling fan it Iepenloftspul Burgum dy’t dizze wike yn premjêre giet. Foar it artikel kinne jo terjochte op de website van RTV NOF.
Lês fierder
4-9-2026 Grutte belangstelling foar Iepenloftspul Burgum: ekstra foarstelling Ik wol libje! De kaartferkeap foar Ik wol libje!, de nije muzikale foarstelling fan Iepenloftspul Burgum, rint stoarm. It premjêrewykein is útferkocht en de oare jûnen rinne hurd fol. Dêrom is besluten ta in ekstra foarstelling op tiisdei 15 septimber. De kaarten dêrfoar binne fan no ôf […]
Lês fierder
De webside iepenloftspullen.nl folget alle iepenloftspullen yn Fryslân en makket dêr filmkes by. Dit kear wienen se te gast yn Burgum, by de repetysjes fan Ik wol libje! Yn it filmke krije jo yn in pear minuten in yndruk fan de foarstelling: de industriele eftergrûn fan de ENGIE-sintrale, de sound fan de jierren ’80 en […]
Lês fierder
Net Frysktalich? Gjin probleem! Spilers Sjoerd Bakker en Antje Greidanus ha in snelkursus Frysk makke foar Nederlânsktalige freonen. Mei it spul, de muzyk en alles dêromhinne stiet neat jo mear yn ‘e wei om nei ús iepenloftspul te kommen! 😉 — Niet Friestalig? Geen probleem! Spelers Sjoerd Bakker en Antje Greidanus maakten een snelcursus Fries […]
Lês fierder
26-8-26 Dizze wike yn Weekblad Actief in ynterview mei ús regisseur Romke Gabe Draaijer. Jo kinne it artikel hjir lêze of fia dizze link nei de webside fan Weekblad Actief.
Lês fierder
20-8-26 Us spilers en meiwurkers binne yn it spier om fan Ik wol libje! in ûnferjitlike foarstelling te meitsjen. Dat giet fansels mei in soad wille. Yn dizze minivlog krije jo in sneak peak efter de skermen!
Lês fierder
17-8-2026 Sa’n 130 minsken ha meidien oan ús winaksje op Facebook, Instagram of troch harren e-mailadres efter te litten op de Cultuurmarkt yn Burgum. Troch in willekeurige seleksje is in winner út de bus kommen. Fan herte lokwinske! Net wûn? Gjin noed, kaarten binne noch te bestellen!
Lês fierder
15-8-26 Hjoed wienen wy te gast by Omrop Fryslân. Romke Gabe (rezjy), Oetsen (spilet Charly), Jannie (spilet Thatcher) en Oebele (spilet Bill) prate by Op & Ut oer it stik, harren rollen en noch folle mear! Jo kinne it hiele fragmint hjir werom sjen:
Lês fierder