Spyldata Kening & Kening

De foarstellings sille plak fine op:

  • tongersdei 23 maaie (try-out)
  • freed 24 maaie
  • sneon 25 maaie
  • snein 26 maaie (matinee)
  • tongersdei 30 maaie
  • freed 31 maaie
  • sneon 1 juni

Kaartferkeap

Oanfang: 20:30 oere en matineefoarstelling (snein 26 maaie) 15:00 oere

Lokaasje

Wy ha in prachtich plakje fûn by de Engie Sintrale Burgum. Dêr leit in lyts keninkrykje ferskûle oan de râne fan de Burgumer Mar. Adres: Koumarwei 2, Burgum

It Ferhaal

It ferhaal giet oer in keninginne dy’t eins wol mei pensjoen wol. Mar har soan de prins is noch net troud en hy hat ek noch gjin partner. Der komme allegearre prinsessen op sicht, dêr’t de prins ien fan útsykje kin. Soe der in geskikte by sitte? As falt de prins net op froulju?