Juster binne de repetysjes foar “Ik wol libje!” wer fan start gean nei in wolfertsjinne simmerstop. En wát in start: de spilers gongen mei folle enerzjy en entûsjasme it stik wer yn!
Mei tank oer de geweldige ynset fan de bouploech stiet der al in prachtich dekôr te pronkjen op de spyllokaasje oan it Burgumermar. De kaartferkeap giet dêrby as in trein, der wurdt drok besteld.
No noch sawat in moanne te gean nei de premjêre. Wy sjogge der nei út om jimme yn septimber te ferwolkomjen!
Nijsoersjoch