Iepenloftspullen.nl kaam by ús del

De webside iepenloftspullen.nl folget alle iepenloftspullen yn Fryslân en makket dêr filmkes by. Dit kear wienen se te gast yn Burgum, by de repetysjes fan Ik wol libje!

Yn it filmke krije jo yn in pear minuten in yndruk fan de foarstelling: de industriele eftergrûn fan de ENGIE-sintrale, de sound fan de jierren ’80 en it ferhaal fan de mynwurkers en de groep gays út Londen dy’t inoar fine yn ien mienskiplike striid: Net ûnderdrukt wurde, mar sjoen wurde, heard wurde, libje!

Sjoch it filmke hjirûnder. Mei tank oan iepenloftspullen.nl.

 

Nijsoersjoch