Blog Femke

Us beppe wie in grutske bewenster fan Burgum. Har hûs is altyd yn de famylje bleaun. In skoftsje lyn bin ik by har ynlutsen. Burgum, in doarp dêr ’t ik neat mei hie. Troch dat ik sa lang yn Amsterdam wenne ha, foel ik der in bytsje bûten. In frou út de rânestêd yn in Frysk doarp. Ik ha my wolris ôf frege, wat doch ik hjirre?
Fiel ik my hjir wol thús yn Burgum?
Doe ’t ik oan it ferhúzjen wie, ha ik it hiele hûs opromme. Ik bin op de souder begûn omt dêr de measte rotsoai lei. Der leine in protte âlde doazen mei lagen stof derop. Ik ha ien fan dy doazen iepen makke en seach allegearre foto’s en oare spullen. Op in foto seach ik in blierlaitsjende frou mei twa Dútske soldaten en achterop stie “Sytske 1942” . Ik skrok want ús beppe hjitte Sytske. Ik frege my ôf wêrom ús beppe mei twa Dútske soldaten op de foto stie. Stie se oan de kant fan de Dútsers? Ik hie altyd al ynteresse yn ús pake en beppe hân, mar ús mem woe hjir nooit wat oer fertelle.
Ik wist dat it fleuriche minsken wiene en dat se hiel sosjaal wiene mar mear ek net.
Ik rekke yn de war. Wie it hjirom wêrom ús mem noait oer ús pake en beppe prate woe?
Ik bin op syk gien en ha help frege fan ferskate Burgumers. Meielkoar binne wy hiel folle te witten kaam. Ik besefte dat ik dit nea allinne kinnen hie.
Troch alle help ha ik it mystearje fan ús pake en beppe oplost.Ik bin der achter kaam dat ús beppe altyd goede bedoelingen hân hat. Wat bin ik grutsk. Us beppe, ik sjoch har as in heldin. Se hat ,nettsjinsteande alle tsjinslaggen, ferskate Joaden rêde kinnen.
Us pake, in Dútske soldaat, dy ’t him oerjûn hat oan de leafde.

Ik wol ús pake en beppe eare mei it Iepenloftspul. It teme fan it Iepenloftspul is basearre op de befrijing fan 75 jier lyn. It stik dat ik tegearre mei de regisseur en it bestjoer keazen ha is; Schindlers List.
Moaier kin it net. Yn Schindler, in held yn’e eachen fan in protte minsken, sjoch ik ús beppe Sytske, in heldin yn myn eachen.

Tige tank dat jimme mei libbe ha mei myn syktocht. Ik hoopje jimme allegearre te sjen by it Iepenloftspul yn Burgum.
Oant sjen!

Kaartferkeap »

Mijn oma was een trotse bewoner van Burgum, haar huis is altijd in de familie gebleven. Een tijdje geleden ben ik hier ingetrokken. Burgum, een dorp waar ik niet heel veel mee had. Doordat ik zolang in Amsterdam heb gewoond, viel ik er een beetje buiten. Een vrouw uit de randstad in een fries dorpje. Ik heb me wel eens afgevraagd, “Wat doe ik hier? Voel ik me wel thuis hier in Burgum?” Toen ik begon met de verhuizing, ben ik het hele huis gaan opruimen. Ik besloot op zolder te beginnen aangezien daar de meeste puinhoop lag. Er lagen veel oude dozen met heel veel stof erop. Ik had een van de dozen opengemaakt en zag allemaal foto’s en andere spullen. Op een foto zag ik een lachende vrouw met twee Duitse soldaten, achterop stond “Sytske 1942”. Ik was hier best van geschrokken, mijn oma heette Sytske. Ik vroeg me af waarom mijn oma met twee Duitse soldaten op de foto stond. Stond ze aan de kant van de Duitsers? Ik heb altijd al een interesse naar mijn opa en oma gehad, mijn moeder wilde hier weinig over vertellen. Ik wist dat het vrolijke mensen waren en dat ze veel om anderen gaven, maar daar hield het op. Ik voelde me verward, was dit waarom mijn moeder nooit wat over mijn opa en oma
wou vertellen?

Ik ben de zoektocht aangegaan en heb hulp gevraagd aan verschillende Burgumers. Samen zijn we veel te weten gekomen. Ik heb mij opengesteld en heb beseft dat ik het niet alleen had kunnen doen. Dankzij de hulp heb ik het mysterie van mijn opa en oma ontrafeld. Ik ben erachter gekomen dat mijn oma altijd goede bedoelingen heeft gehad. Wat ben ik trots. Mijn oma, ik zie haar als een heldin. Ze heeft ondanks alle tegenslagen, meerdere joden kunnen redden. Mijn opa, een Duitse soldaat die zich aan de liefde heeft overgegeven.

Ik wil mijn opa en oma eren met het Iepenloftspul. Het thema van het Iepenloftspul is gebaseerd op de bevrijding, dit jaar, 75 jaar geleden. Het stuk dat ik samen met de regisseur en het bestuur heb gekozen is: Schindler’s List. Perfect. Schindler, een held in de ogen van vele mensen weerspiegeld mijn oma, Sytske, een heldin in mijn ogen.

Bedankt voor het meeleven tijdens mijn zoektocht. Ik hoop jullie allemaal te zien bij het Iepenloftspul Burgum. Tot dan!

Spyldata 2024

  • tongersdei 23 maaie (try-out)
  • freed 24 maaie (útferkocht)
  • sneon 25 maaie
  • snein 26 maaie (matinee)
  • tongersdei 30 maaie
  • freed 31 maaie
  • sneon 1 juni
Spyldata & ynfo