Skiednis

Yn 1945 spile it earste stik yn de iepenloft yn Burgum. Op Keninginnedei spile de foarstelling Slein mar oerein weryn it doarp efteromseach nei de oarlochstiid dy’t krekt ôfrún wie. Fanôf 1960 waard it Iepenloftspul in jierlikse en fan 2005 ôf in twajierlikse tradysje.

Generaasjes doarpsgenoaten hawwe harren ynset foar it dekôr, de muzyk, it spul en alles dêr omhinne. Fan lytse foarstellings oant grutte produksjes. Hjirûnder fine jo in oersjoch fan alle stikken dy’t sûnt 1945 spile binne.

(Der wurdt wurke om it oersjoch sa kompleet mooglik te meitsjen. Hawwe jo ynformaasje of foto’s foar ús online skiednisboek, lit dan efkes fan jo heare!)

📍 Lokaasje, berikberens en parkearje

⚡️ In iepenloftspul wurdt spile yn….de iepenloft! Ik wol libje! wurdt opfierd op in prachtige lokaasje oan de Burgumermar by de Engie Energiesintrale. Op de tribune sitst op plestik kûpstoultsjes en foar wat ekstra komfort is in kessentsje en in kleedsje miskien wol noflik.

📍 It adres foar de navigaasje is Koumarwei 2 Burgum mar do kinst ek op dizze link nei Google Maps klikke.

🅿️ Folgje de oanwiizings en parkeer jo auto (fergees) op it parkearplak foar de Sintrale.

🚌 De lokaasje is minder goed te berikken mei it iepenbier ferfier. De bushalte dy’t it tichtste by is, is de halte Noardburgum-Zomerweg (lijn 13) en dêrwei is it noch 2 km rinnen.

🚭 Op it hiele terrein mei net rookt wurde.

🗓️ Data, tiden & taal

Foar de spyldata kinne jo terjochte by de kaartferkeap.

De foarstelling Ik wol libje! begjint alle jûnen om 20:15 oere. De tribune giet om 20:00 oere iepen. Kom op ‘e tiid, want nei it begjin kinne wy gjin besikers mear talitte. 

De foarstelling duorret sa’n 1 oere en 45 minuten en hat in skoft (pauze). Yn it skoft kinne jo efkes nei it toilet en is de bar iepen.

Ik wol libje! is folslein Frysktalich.

⛈️ Min waar, wat no?

By min waar (te hurde wyn, hiele dikke buien of by tonger) wurdt de foarstelling skrast. Wannear ’t in foarstelling net trochgean kin, meitsje wy dit om 18.00 oere op de jûn sels bekend fia ús webside, social media en e-mail. By rein kin de foarstelling gewoan trochgean. Paraplu’s binne net tastien omdat de minsken achter jo dan neat sjogge.  Ponsjo’s en reinjassen binne dêrom better.

As it net mooglik is om te spyljen, wurdt de foarstelling ferpleatst nei ien fan ûndersteande ynhelopsjes. De kochte tickets binne dan jildich foar de nije datum.

  • Snein 13 septimber om 20:15 oere
  • Moandei 14 septimber om 20:15 oere
  • Snein 20 septimber om 20:15 oere
  • Moandei 21 septimber om 20:15 oere
☕️ Iten & drinken

Foarôf kin jo gratis kofje as thee krije, en yn it skoft en nei de foarstelling binne jo fan herte wolkom by ús geselliche bar foar kofje, tee en oare drankjes. Ek binne der lytse flaubiten (snacks). De bar is iepen fan 19:15 oere ôf en bliuwt nei ôfrin iepen om gesellich nei te praten en te borreljen. 

💳 Betelje kin allinnich mei pin.

🚽 Ek net ûnbelangryk: der binne húskes!

🦽 Tagonkelijkheid

Rolstoel of in beheining? Nim kontakt op mei kaartferkeap@iepenloftspul.nl. We helpe jo dan persoanlik fierder.

🙅‍♂️ Geskikt foar alle leeftiden?

Yn Ik wol libje! giet it ûnder oare oer HIV/AIDS en sitte in oantal scènes mei groffe taal en (ferwizingen nei) seks. Dat makket de foarstelling net geskikt foar bern ûnder de 12 jier.

🎫 Kaartferkeap – Algemien

Kaartsjes keapje foar Ik wol libje! kin fanôf 14 maaie 2026 op dizze webside.

Kaartsjes hoege net printe te wurden (mei wol) en kinne op it skerm fan de tillefoan toand wurde.

Sitplakken wurde net tawiisd – jo kiese dus sels in plakje op de tribune. 

Foar de reguliere foarstellingen jilde ûndersteande tariven per kaartsje.
Regulier ticket: € 25,-
Foar de try-outs is der in koarting fan € 5, – it ticket. 

In fraach oer de kaartferkeap? Sjoch earst goed nei de faak stelde fragen! Stiet jo fraach der net by? Stjoer dan in mail nei kaartferkeap@iepenloftspul.nl.

🎫 Kaartferkeap – Ik ha de kaarten net krigen fia de mail

Dat is nuver!

Meastentiids binne de kaarten wol oankaam mar stean ze yn de spam of reklame box yn jo e-mailaccount. Sjoch dêr goed nij en sykje yn alle mail nei ‘iepenloftspul’.

It kin ek wêze dat jo in typfout makke ha en it ferkearde e-mailadres ynfierd ha. Yn dat gefal kinne jo de kaarten opsykje mei de gegevens fan de betelling yn de app fan jo ban. Dat giet as folget:

Mei de webside Zoek mijn ticket kinst sels de kaartsjes opsykje. Dat wurket sa:

  1. – Gean nei Zoek mijn ticket.
  2. – Sykje yn de app of webside fan dyn bank de betelling fan de kaartsjes op en  kopiearje de folsleine omskriuwing, 
  3. – Plak de omskriuwing yn it fjild Betalingsomschrijving en klik op Haal tickets op. 
  4. – It systeem fynt dan opnij de kaartsjes.

Slagget dit ek net, nim dan efkes kontakt op mei kaartferkeap@iepenloftspul.nl.

🎫 Kaartferkeap – Kin ik myn kaart(en) wer ynruilje?

Kochte kaartsjes kinne net wer ynruile wurde. Kinst ûnferwachts net komme, dan kinst dyn kaartsje oanbiede fia bygelyks TicketSwap.

🎫 Kaartferkeap – Is der in wachtlist foar kaarten?

Nee, der is net in wachtlist.

At in foarstelling útferkocht is en der komme wer kaarten beskikber dan kinne jo dat fuort en daliks sjen op de webside fan de kaartferkeap. Klik op de datum fan de foarstelling dy’t jo besykje wolle en sjoch at jo kaarten bestelle kinne. Nijs oer kaarten komt ek op ús socials.

🎫 Kaartferkeap – Ik bin myn mail mei de kaartsjes kwyt!

Jout neat, dat oerkomt de bêsten 😉. Ha jo al yn de spambox sjoen? Of socht op iepenloftspul?

Mei de webside Zoek mijn ticket kinne jo sels de kaartsjes opsykje. Dat wurket sa:

  1. – Gean nei Zoek mijn ticket.
  2. – Sykje yn de app of webside fan jo bank de betelling fan de kaartsjes op en kopiearje de folsleine omskriuwing fan de betelling. 
  3. – Plak de omskriuwing yn it fjild ‘Betalingsomschrijving’ en klik op ‘Haal tickets op’. 
  4. – It systeem fynt dan opnij de kaartsjes dy’t jo downloade kinne.

Slagget dit ek net, nim dan efkes kontakt op mei kaartferkeap@iepenloftspul.nl.