In hechte mienskip fan mynwurkers fan it plattelân fan Wales en in fleurige, útlitten groep gays út Londen. Twa wrâlden dy’t op it earste each neat mei-inoar hawwe. En dochs ûntdekke se in mienskiplike striid: se wolle net ûnderdrukt wurde, mar sjoen wurde, heard wurde, libje.
Witst genôch? 😉 Klik hjir om nei it ynskriuwformulier foar de audysjes te gean. Fierder lêze mei fansels ek!
Tiid: Freed 7 novimber tusken 19:00 – 22:00 oere
Lokaasje: Maxima Sintrum Burgum (Prins Bernhardstrjitte 1a, 9251 GJ Burgum – Google Maps)
Margaret Thatcher (haadsjongeres) | tusken +/- 35 – 55 jier
Ien audysje foar de rol fan Margaret Thatcher (m/f/x). Sy is de frontfrou fan ús gelegenheidsband dy’t gearstald en begelaat wurdt troch komponist, arranzjemintmakker en bandlieder Jelmer Scholte.
Thatcher sjongt, as kommentaar of taljochting op de sitewaasje, troch de hiele foarstelling hinne ferskate jierren-’80-hits fan û.o. Bronski Beat, Eurythmics, Whitney Houston en de Pet Shop Boys. Wy sykje in skerpe/sterke stim, mar de persoan spilet neist it sjongen ek yn inkelde sênes fragminten út Thatchers meast bysûndere taspraken, lykas de Iron Lady-speech.
Foar de audysje sjongst in sels keazen nûmer en in tal fragminten dy’t troch Jelmer en Romke Gabe keazen binne. De fragminten krijst tastjoerd op sneon 25 oktober.
Tiid: Snein 9 novimber om 10:00 – 12:00, 13:00 – 15:00 en 16:00 – 18:00 *
Lokaasje: Maxima Sintrum Burgum (Prins Bernhardstrjitte 1a, 9251 GJ Burgum – Google Maps)
Ferskate rollen | tusken 18 – 90 jier
Yn Ik wol libje! binne der 18 grutte en lytse rollen te ferdielen, foar in grut ferskaat oan leeftiden(!). Yn alle leeftydskategoryen sykje wy minsken (m/f/x). Mar wat sykje wy yn elts gefal? Spesifyk sykje wy nei in protte jongfolwoeksenen (m/f/x) tusken de +/- 18 en 30 jier (gays tsjin mynwurkers), in pear old lady’s – of ‘âlde wiven’, hoe’st it ek neame wolst – en grutte en sterke manlju (the Miners). Allegear fan ferskillende leeftiden! In mingd selskip dus.
Kom, ek by twifel, foaral audysje dwaan of kennismeitsje! Wol of gjin ûnderfining; do bist wolkom!
De audysje duorret twa oeren mei impro-akteertaken, in tekstopdracht (do krijst in tekst tastjoerd) en in sangopdracht. Wol of net goed sjonge kinne is trouwens gjin brekpunt, dus ek ast dêr oer twifelst: bist wolkom. Jou dy dus foaral op ast in yntinse, kollektive en fantastyske ûnderfining meimeitsje wolst, wêrby’t wy mei-inoar in prachtige, en ek oandwaanlike, foarstelling meitsje!
* Do wurdst yndield yn ien fan de tiidsslotten. Hast in foarkar foar in tiid? Set it derby yn dyn opjefte. Kinsto echt net op snein 9 novimber audysje dwaan? Lit it ús foaral witte.
De data fan de foarstellingen binne foarearst:
Spyldatums: tiisdei 8-9 Try-out / tongersdei 10-9 Premjêre / freed 11-9 / sneon 12 sep. / tongersdei 17 sep. / freed 18 sep.
sneon 19-9
Reservedatums: snein 13-9 / moandei 14-9 / snein 20-9 / moandei 21-9
Sukses-opsje: tiisdei 15-9
De repetysjemominten wurde sa gau mooglik bekendmakke, mar rekkenje yn elts gefal op de tiisdeitejûn en soms yn it wykein.
Simmerfekânsje: 6 juli t/m 10 aug.
Opjaan kin oant en mei freed 24 oktober mei dit online formulier. Nei it sluten fan it formulier krijt elkenien op sneon 25 oktober in audysjetekst en in sangopdracht per e-mail tastjoerd.
Nijsoersjoch