Stim op Iepenloftspul Burgum by de Rabobank Clubkas Campagne!

De dwerskop hat west. We geane fierder, op nei de produksje fan 2018. We binne der al drok mei dwaande. De Rabobank Drachten Friesland Oost kin ús finansjeel stypje mei de Rabobank Clubkas Campagne. Rabobankleden kinne ús stimmen jaan en dy stimmen binne jild wurdich.
Bisto lid fan Rabobank Drachten Friesland Oost, stim dan op ús, we soene der tige bliid mei wêze. Kinsto minsken dy’t lid binne, freegje of se op ús stimme wolle.
De leden ûntfange per post in unyke code wer’t se, fan 13 oant en mei 27 juny stimme kinne. Fan de fiif te ferdielen stimmen kinne maksimaal twa oan Iepenloftspul Burgum jun wurde.
Dit berjocht graach diele mei oaren!

 

Nijsoersjoch