Fierder sjen, harkje en lêze
Ik wol libje! spilet him ôf yn Brittanje yn ‘e jierren tachtich: de mynwurkers geane yn staking, AIDS giet om en Margaret Thatcher regearret mei hurde hân. Wa’t nei ôfrin fan ‘e foarstelling mear witte wol oer dy tiid, fynt hjirûnder in tal tips.
Films en searjes
-
- Pride (2014) – Homo’s en lesbiennes út Londen stypje yn 1984 de stakende mynwurkers fan in doarp yn Súd-Wales. Deselde histoaryske eftergrûn as ús foarstelling.
- Billy Elliot (2000) – In jonge út in stakersgesin wol leaver ballet dûnsje as bokse.
- Brassed Off (1996) – De brassband fan in mynwurkersdoarp spilet troch, wylst de myn slute giet.
- The Full Monty (1997) – Wurkleaze manlju yn Sheffield nei it ferdwinen fan ‘e swiere yndustry.
- It’s a Sin (searje, 2021) – Fiif jonge freonen yn Londen tusken 1981 en 1991, en de komst fan aids.
- The Crown, seizoen 4 (2020) – De jierren fan Thatcher, mei omtinken foar de mynwurkersstaking.
- Philadelphia (1993) – In advokaat wurdt ûntslein om’t er aids hat.
- The Normal Heart (2014) – New York oan it begjin fan ‘e aidskrisis, nei it toanielstik fan Larry Kramer.
- Angels in America (miniserie, 2003) – Nei it toanielstik fan Tony Kushner, mei Al Pacino, Meryl Streep en Emma Thompson.
Dokumintêres
-
- Still the Enemy Within (2014) – De staking fan 1984-85, ferteld troch de mynwurkers sels.
- Miners’ Strike 1984: The Battle for Britain (trije ôfleverings, 2024) — Fjirtich jier letter fertelle de minsken dy’t der sels by wiene har ferhaal: it doarp Shirebrook dat útinoar skuord waard, de Battle of Orgreave en de kampanje fan ‘e regearing om ‘e staking te brekken. Sûnder ferteller of saakkundigen — allinnich argyfbylden en de stimmen fan mynwurkers, froulju en plysjes.
- Which Side Are You On? (1985, Ken Loach) – Lieten, gedichten en ferhalen út ‘e staking.
Podcasts
-
- The Log Books – Basearre op ‘e oantekenboeken fan ‘e Londenske lhbti-helpline Switchboard (1974-2003).
- En niemand bleef onaangeraakt (VPRO) – Skriuwer Maurits de Bruijn en podcastmakker Randy Vermeulen fertelle it leafdesferhaal fan Jan en Martin, dy’t inoar yn 1992 yn in Amsterdamsk kafee moetsje. In heal jier letter fertelt Martin dat er aids hat – mar nimmen mei it witte. Dêromhinne de ferhalen fan oaren en de fraach hoe’t it stigma him sa fêstsette koe.
Boeken
- Tim Tate – Pride: The Unlikely Story of the Unsung Heroes of the Miners’ Strike (2017) – De skiednis fan LGSM, mei tsjûgenissen fan ‘e minsken sels.
- Seumas Milne – The Enemy Within (1994) – Oer de kampanje tsjin ‘e mynwurkersbûn en har foarsitter Arthur Scargill.
- Francis Beckett en David Hencke – Marching to the Fault Line (2009) — Oersichtlike skiednis fan it stakingsjier.