Ek frijwilliger wurde by ‘de Dwerskop’?
De Stichting Iepenloftspul Burgum bestiet út frijwilligers en hat altyd ferlet fan frijwilligers.
De teaterfoarstelling “De Dwerskop” is in grutte organisaasje.
Op it stuit dogge der al in hiel soad frijwilligers mei. Mar der kinne altyd mear by.
Yn septimber sil it heve! Wat is noch nedich?
- foar de foarstellingsjûnen binne minsken nedich yn de catering;
- foar de foarstellingsjûnen binne minsken nedich foar de kaartferkeap / kontrôle / gastfrou/man;
- wy sykje noch immen dy’t filmkes meitsje kin en byld bewurkje kin;
- foar it meitsjen fan de kostúms sykje wy minsken dy handich binne. Net allinne mei nulle en tried, mar ek mei oar ark, want dit jier wurde der net allinne kostúms naaid, mar wurde kostúms ek makke troch te plakken, te nietsjen ensfh.;
- foar de foarstellingsjûnen binne minsken nedich dy’t de akteurs helpe kinne achter de skermen mei de klaaiing, de omballingen ensfh.
Wolst dyn talinten tydlik ynsette foar wer ris wat oars as oars?
Hast wol nocht oan in bysûndere ûnderfining op in bysûndere lokaasje?
Jou dy dan op!
Dat kin by Ina. Har mailadres is ina@iepenloftpul.nl of belje har op 06-21 21 52 77.
Nijsoersjoch