Skiednis

Lorem ipsum dolor sit amet, consectetur adipiscing elit. A primo, ut opinor, animantium ortu petitur origo summi boni. Idcirco enim non desideraret, quia, quod dolore caret, id in voluptate est.

Adres foar navigaasje nei it Wetter en wille park

Asto mei de auto nei ‘Elts Foar Himsels komst’ kinsto it folgjende adres yn dyn navigaasje sette;
Prins Berhardstraat 1, 9251 GJ, Burgum. Do komst dan út by it ‘Wetter en wille park’.

As it waar te min is om te spyljen?

Foar in buike binne wy net bang mar stoarm of tonger kin in spulbrekker wêze.
Sjoch altyd even op ús webside of Facebook!

Foto’s?

Foto’s nimme mei wol, mar net flitse.

Hoe kom ik yn Burgum fan Quatrebras ôf?

Foar de omleidingsroute fan Burgum sjoch de plattegroun of gean op Facebook nei Kansen in Kernen foar in gruttere plattegroun

 

In fraach oer de kaartferkeap?

Do kinst maile nei kaartferkeap@iepenloftspul.nl

 

Is it mooglik te pinnen op de spyllokaasje?

Pinnen is net mooglik op de spyllokaasje, do kinst allinne kontant betelje.

Is der catering oanwêzich?

Ja der is catering oanwezich; Kofje, tee, frisdrank, licht alkohoalyske dranken, lekkere waarme snert, gehaktballen en kâlde snacks.

Is dêr ferwaarming?

De tribune binnendoar en de cateringrûmte bin ferwaarme! De bûtentribune is net ferwaarme dus klaai dy goed oan en nim in tekkentsje mei. Foar alle dúdlikens, de ûntfangst is binnendoar, it stik begjint en eindigt bûten. Der tusken sit je behaachlik binnen.

Mobile tillefoan?

Mobile tillefoans graach útsette y.f.m. steuring op de senders fan de spilers.

Paraplu?

As it reint dan gjin paraplu’s omheech, oars sjogge de minsken dy’t efter jo sitte neat mear. Brûk dan in reinpak of sokssawat.

Rolstoel of in beheining?

Nim kontakt op mei info@iepenloftspul.nl. We helpe dy dan persoanlik fierder.

Rûtebeskriuwing

Komsto mei de auto, dan kinsto parkeare op it terrein fan it ‘Wetter en wille park’ (yngong njonken it plysjeburo).  By de rotonde fan in gemeentehûs stean buordsjes hoesto ride moast. Fan it pakearterrein ôf  kinsto te gean de ljochtsjes folgje ûnder de hege brêge troch. Do komts dan by in brêge yn de feart. Hjiroer en do bist op it terrein.

Komsto te gean of mei de fyts dan kan kinsto dyn fyts efter it gemeentehûs (ynong oer de Daam) parkeare en dan te gean de ljochtsjes folgje. Do komts dan by in brêge yn de feart. Hjiroer en do bist op it terrein.

Smoke?

Op de tribune en yn de cateringrûmte mei net smookt wurde.

Wannear giet de tribune iepen?

Eltsenien kin earst lekker opwaarmje mei in bakje kofje of tee yn de cateringrûmte. Dêr wurdt oanjûn wanneer de tribune iepen giet.

Wat wurdt it waar?

Dat sjogge jo op buienradar