Ôfskied Hanneke Snoek

Nei acht jier hat Hanneke Snoek besletten it bestjoer fan Iepenloftspul Burgum te ferlitten. Op 8 oktober ha we har sit yn it bestjoer ôfsletten mei in diner mei útsjoch op de ûndergeande sinne by de Leyen. De foarsitter hat Hanneke tank sein foar alle ynset. Hanneke hat har ûnder oaren altyd tige ynset om fûnsen te winnen om de produksjes financieel rûn te krijen. Hanneke hat sels ek noch ferteld hoe se de acht jier ûnderfûn hat  en in wurd fan tank sprutsen. Yn 2009 hat Hanneke mei spyle yn ‘Levi’. Wa wit sjogge we har no wer ris op it toniel…….
Nammens it bestjoer; Hanneke, tige tank!

 

Nijsoersjoch