Resinsje Weekblad Actief
SUKSESMUSICAL KEUNSTICH OMBOUD
Plak: Iepenloftteater by De Pleats, Burgum
Foarstelling: premjêre iepenloftspul ‘Bloedbân’
Tal besikers: sa’n 300
Regy: Rieneke de Haan en Theun Plantinga
Tekst: Willy Russell
Oersetting: Tineke Hoekstra
Toanielbyld: Jaap Groen
Muzyk (live): ‘Sa en Oaren’
Noch te sjen: 25, 27, 28 en 31 maaie.
Ynformaasje: www.iepenloftspul.nl
BURGUM - Fan in wrâldferneamde suksesmusical in Frysk iepenloftstik meitsje. Jo moatte soks mar oandoare. Mar yn Burgum hawwe se dat weachstik op har nommen. Fan de Ingelske teaterhit ‘Bloodbrothers’ is it iepenloftspul ‘Bloedbân’ makke en dat is knap beteard. Al wie dit ris hiel wat oars yn Burgum en wie it foar it publyk efkes wennen. Ofrûne tongersdeitejûn gie it stik yn it iepenloftteater by De Pleats yn premjêre.
‘Bloedbân’ is it ferhaal oer de twillingbroers Mickey en Eduard of Eddy, dy’t fuortdaliks nei de berte út needsaak byinoar wei helle wurde. De biologyske mem, de allinnichsteande frou Jonkers, ferkeart mei har húshâlding yn earmoedige omstannichheden en kin dy beide bern der net by hawwe. Eduard wurdt dêrom oerdien oan har wurkjouwers, de rike famylje Van Leeuwen. Menear Van Leeuwen sit foar saken yn it bûtenlân as de twilling berne wurdt. It kin der op troch
dat hy tinkt dat Eddy syn eigen soan is. Alinnich de beide froulju witte hoe’t it echt sit.
Mar al binne de twillingbroers útelkoar helle, se komme elkoar, al is dat bytiden wol tige tafallich, hieltyd oeral tsjin. Dy beide jongens út folslein ferskillende fermiddens lizze elkoar goed. Se slute freonskip en lizze dat fêst yn in bloedbân. De ûnder geunstige omstannichheden opgroeide Eduard wurdt studint en makket in glânskarriêre. Mickey hat minder sukses. It rotbaansje dat er hie, rekket er kwyt en hy komt yn ‘e ûnderwâl telâne. It geheim fan ‘e famyljebân tusken Mickey en Eduard wurdt oan ‘e ein fan it ferhaal út ‘e doeken dien. Mar dan hat him al in ferskuorrend soad ôfspile yn ‘e útienrinnende libbens fan ‘e twillingbroers.
Halje-trawalje
It is net neat om al dy ûnderdielen fan dat ferhaal yn sa’n iepenloftstik op oertsjûgjende wize oer de fuotljochten te bringen. De Burgumer ploech hat him dêr goed mei rêden, dat moat sein wurde. Mar der komt yn de foarstelling wol in hiel soad, en gauris bart dat yn in heech tempo mei gâns geflean en gedraaf, op it publyk ôf. Wa’t wend is om in ‘gewoan’ iepenloftspul te sjen, moat efkes wenne oan de musical dy’t no yn Burgum opfierd wurdt. In molkboer dy’t twa tellen letter yn ‘e rol fan dokter stapt en in sjittinte dy’t yn in omsjoch feroaret yn in patattinte, it binne mar in pear foarbylden fan ‘e talrike flugge omskeakelingen en wikselingen yn dit stik. It giet bytiden halje-trawalje en it falt soms net net ta om alles goed te folgjen.
Soad moais te sjen
Mar nettsjinsteande dat bliuwe de kwestjes dêr’t it yn dit ferhaal om giet rjocht oerein stean. Der wurdt treflik spile en der sitte in soad prachtige, faak yngripende sênes yn. En ek de humor spilet perfoarst net swak by. Sa’t de twillingbroers bygelyks yn har jonge jierren oan it boartsjen en healwiizjen binne, en dy sabeare sjitpartijen dêrby, soks slacht by it publyk wakker oan.
Boppedat is der in soad moais te sjen yn ‘Bloedbân’. De oanklaaiïng fan it gehiel is prachtich. It mânske dekor, dêr’t op fernimstige wize in húskeamer en in folsleine keuken út- en ynskood wurde kinne, is in pronkje. Boppe-yn dat dekor is foar de perfekt spyljende liveband ‘Sa en Oaren’ in hiel gaadlik plakje kreëarre op in ynboud balkon.
Yndrukwekkend slotliet
It bywenjen fan in foarstelling fan ‘Bloedbân’ is in frij lange sit. It rint nei tolven as de foarstelling ôfrûn is. Miskien hie it hjir en dêr justjes koarter om ‘e hoeke kinnen? Dochs hat dit Burgumer iepenloftspul it publyk op ‘e premjêrejun fan begjin oant ein boeie kinnen. Letter op dy moaie maaiejûn begûn it kâld te wurden.
Mar wa’t it doe wol sa’n bytsje sjoen hie of huverich waard, krige noch in fikse opwaarmer fan it skitterjende liet dêr’t dit iepenloftspul mei einige. Dat yndrukwekkende slotliet, dat gâns minsken sichtber rekke, is ien fan ‘e hichtepunten fan dit aparte en keunstige iepenloftspul.
Eize de Boer / Weekblad Actief 25 maaie 2011







Bezoek volg en bekijk ons op: