Resinsje Nieuwsblad Noordoost Friesland

BOEIEND OER FOLLE BREEDTE

It iepenloftspul Bloedbân is in stik oer bining en skieding. It is boeiend oer de folle breedte.

BURGUM - Sels it bearke út ‘e bernewein fan har twillingsoannen wurdt meinommen troch de frou fan in ynkassaburo as de skieden frou Jonkers har rekkens net mear betelje kin. Oangripend binne de omstannichheden dan ek by de berte fan de twa jongste soannen yn it iepenloftspul Bloedbân dat saterdeitejûn, krekt tusken de reinbuien troch, foar de fyfde kear spile waard yn Burgum. In súksesnûmer yn ‘e djipte en oer de folle breedte.

It binen oan elkoar en it skieden fan elkoar spilet hieltyd op. De twilling hat fansels in bining. Harren heit en mem skiede nei de berte fan it achtste en njoggende bern. De heit nimt in eigen beslút, de mem kin dan net oars. It libbenslot treft frou Jonkers dûbel hurd. Se moat wurkjen bliuwe foar de kost en hat dus amper tiid foar al har bern. Har rike wurkjouwer is frou Van Leeuwen dy’t sels gjin bern krije kin. Dizze kriget it foar elkoar dat frou Jonkers ien fan har twillingsoannen ôfstiet oan har. Van Leeuwen hâldt dus har man, dy’t moannenlang op reis is, foar it lapke wat har sabeare swangerskip oangiet.

De iene soan, Mickey Jonkers (Leo Boermans), groeit op yn in sfear fan earmoed, ienfâld en de droktme fan ‘e strjitte. De oare soan, Eduard van Leeuwen (Sicco Visser), kin studearje yn in ivich beskerme wrâld. Yn harren boartersperioade slute se lykwols in bloedbân sûnder te witten dat se bruorren fan elkoar binne. It libbensgeheim, dat harren mem mei de hân op ‘e bibel stil hâlde soe, lekt oan de ein út. De stille bining wurdt in hurde skieding troch de dea fan beiden op omtrint ienen itselde momint. Skot op skot en trien op trien falt der troch tadwaan fan in freondinne dy’t yn leafde en libben net in echte kar meitsje kin foar ien fan de twa.

Alle yngredienten foar in ‘fan widze-oant-grêf-ferhaal’ bin‘ der: it libbenslot tsjinoer de eigen kar, earmoed tsjinoer rykdom, leafde tsjinoer haat en boartsjende en dus ûnskuldige bern tsjinoer earnstich buorkjende folwoeksenen.Tel dêrby it misbrûken fan de bibel en fan tal fan situaasjes tsjinoer de earlikens dy’t in bearke yn ‘e bernewein útstriele kin.
De tsien spilers jouwe it stik mei folle oertsjûging stâl. Ek mei in soad humor, lykas bygelyks by de scène yn ‘e bus. Dat de bussjauffeur earder in rol as plysjeman spilet en de molkboer mei in hânomdraai feroaret yn in húsdokter is gewoan moai meinommen.

Der binne tal fan konsesjes dien foar in flot ferrin. Sa ek by de bou fan it monokleurige dekôr, werby’t in keamerdiel en in keukenblok sa út ‘e wand helle wurde. Mei troch de monokleur kriget de ynhâld alle omtinken. Iennichste handikap fyn ik it foarkommen fan ‘wâldske’ wurden lykas ‘geboorte’ en ‘daag’ dy’t dus net oerset binne. It brûken fan gûne-biljetten ynstee fan euro’s is toanieltechnysk net beswierlik. It komt sels, no, wat riker oer.

Besprutsen: ‘Bloedbân’, iepenloftspul Burgum: in Fryske oersetting fan de theaterhit fan Broadway en West End.
Spilers: Bianca Wiersma, Leo Boermans, Björn Sinnema, Annamarins de Vries, Atty van der Plaats, Hielke Reitsma, Sicco Visser, Baukje Tangerman, Fokje Wiersma, Atze J. Lubach-Koers.
Regy: Rieneke de Haan en Theun Plantinga.
Moarntejûn om 21.15 begjint de lêste foarstelling fan Bloedbân.

Jelle Raap / Nieuwsblad Noordoost-Friesland 30 maaie 2011