Resinsje Leeuwarder Courant

BURGUM WIT RIE MEI SUKSESSTIK

Plak: efter de Pleats, Burgum
Barren: premiêre iepenloftspul 'Bloedbân'
Regy: Tieneke de Haan en Theun Plantinga
Oersetting: Tineke Hoekstra
Muzyk: 'Sa en oaren'
Tonielbyld: Jaap Groen
Belangstelling: goed 400 minsken
Noch te sjen: 21, 25, 27, 28 en 31 maaie

De steande-ovaasje-musical is er wol neamd, 'Bloodbrothers'. Al sûnt de jierren tachtich in hit yn it Londense West End. En al is Burgum gjin Londen, dy steande ovaasje kaam der, yn it iepenloftteater efter de Pleats. Ferstsjinne, want ek op Burgumer skaal falt der in soad te genietsjen, oan spul, muzyk en oanklaaiing, oan fynsten, tekstgrappen en emoasjes.

It mânske reade dekor fan Jaap Groen, mei twa gevelrigen, útskobere ynterieurs, bandstand boppe-yn en in beskieden rûn fideoskerm, ropt fuort in ferwachtingfolle spanning op. It symbolisearret yn syn twa-ienheid ek it tema fan dit stik. Twa bruorren dy't troch it needlot út inoar helle wurde, ferskillende libbens liede en ferskillende kânsen krije, mar ek hieltyd wer op inoars paad komme - mei needlottige ôfrin.

In twilling wurdt noch yn de bernewein út inoar helle: de mem (Bianca Wiersma) kin de eintsjes net oan inoar knoopje en hat as tsjinstfaam gjin oare kar as ien fan de berntsjes ôfstean oan 'mefrou' (Atty van der Plaats). Harren dielde ôfkomst moat geheim bliuwe, al sil de iene tenei alles hawwe en de oare neat. De jonges wurde lykwols freonen, se slute sels in bloedbân en wurde ek noch fereale op itselde famke. Se bliuwe troch it bloed oan inoar ferbûn, oant op harren lêste dei.

It slotbyld wurdt daalk al priisjûn, mei in fragmint fan it emosjonele liet 'Sis dit is net wier'. It needlot hinget dan ek oanienwei yn 'e loft, yn eltse libbensfase fan de bruorren Mickey en Eddy (Leo Boermans en Sicco Visser). De stim fan dat needlot wurdt fertolke troch Atze Lubach, dy't yn it swart op earnstige toan én op rym in suver klassike ferbinende fertellersrol hat. Syn oars wat útbundiger styl kipet allinne om 'e hoeke yn in pear byroltsjes, dy't ek oare spilers trouwens geregeld foar har rekken nimme.

De sênes folgje inoar flot op. De spilers ha bytiden fleanen om út in emosjonele dialooch wei ynienen wer as passazjier in bus te heljen - en dy bus sels ek noch sichtber te meitsjen mei hobbelbewegings. Molkboer Hielke Reitsma is yn syn wite jas in tel letter al dokter en makket ek as learaar in hastige switch tusken it elitêre 'college' en de buertskoalle.

It is wolris skeakeljen tusken sokke wat skematyske oergongssênes en de mear oangripende konfrontaasjes. Mar yn de sekuere regy fan Rieneke de Haan en Theun Plantinga wurdt it dochs in ûnderhâldende kombinaasje fan gong en djipgong. Ek de live muzyk dêr't Burgum diskear mei útpakt, draacht by ta it reitsjen fan gefoelige snaren.

Dit jildt seker foar it dramatyske liet oan de ein. Skriuwer Willy Russell moat oer 'Bloodbrothers' sein hawwe dat er miskien net de alderbêste musical ôflevere hie, mar dan dochs wol de bêste lêste fiif minuten. De Burgumer útfiering ûnderstreket dat ek de twa oeren dêrfoar de muoite wurdich binne - net allinne op it West End.

Fedde Dijkstra / Leeuwarder Courant 20 maaie 2011