Resinsje Friesch Dagblad

BURGUMER IEPENLOFTSPUL 'BLOEDBÂN' PRACHTICH DELSET

Iepenloftspul Burgum: Bloedbân, sneon 21 maaie yn De Pleats yn Burgum, hast útferkocht

Ut earmoed wurdt in twilling frij gau nei de berte skieden. De iene jonge (Mickey, spile troch Leo Boermans) bliuwt by mem (Bianca Wiersma) dy't har hiele húshâlding allinnich grut bringe moat. De oare (Eddy, spile troch Sicco Visser) komt telâne by har rike wurkjouwster (Atty van der Plaats) dy't sels gjin bern krije kin.
De namme fan Eddy wurdt feroare yn Eduard van Leeuwen. Dêrmei is de toan setten, de skieding kompleet, mar: de jonges groeie op en wurde sels freonen, dêr't de beide memmen net sa gelokkich mei binne. Sels ferhúzjen skynt net te helpen: de beide jonges komme elkoar hieltiten wer tsjin en se wurde sels fereale op itselde famke. Linda (Baukje Tangerman).

Kontrast
It stik beslacht in tiidrek fan in lytse tweintich jier. Dat wurdt ferteld, mar ek sjen litten troch de klaaiinge, omballingen en beweech (dûnsjen). Wat ek ferteld wurdt (Atze Lubach) is it ferskil tusken earm en ryk en ek dat sjogge wy yn 'e klean, it dekor en it spyljen. Benammen de earme húshâlding komt goed út de ferve lykas it kontrast yn de twilling. It hâlden en dragen fan it rike pear hie lykwols 'kakkeriger' kinnen, mear út  de hichte, dan hie it gefjocht tusken de beide memmen oan 'e ein fan it stik ek sterker útfallen.
Benammen foar it skoft falt op dat je mei lytse middels hiel hurd fan sêne wikselje kinne, krekt sa as bern dat dogge. Hiel moai, mar sa no en dan in bytsje te skematysk (te min belutsen?). Ien en oar wurdt nei it skoft hielendal goedmakke. Dan is der mear dynamyk en trochlibjen: de spilers sitte der better yn en wy as publyk ek.

Krêft
Bloedbân is in prachtige foarstelling wurden en dat is foar in grut part te tankjen oan de sterke hân fan de beide regisseurs: Rineke de Haan en Theun Plantinga. De muzyk en sang ûnder lieding fan Sander Stienstra en Atsje Lettinga foel der by de minsken hiel goed yn, benammen it liet oan 'e ein. It grutte reade dekor (Jaap Groen) hie moaie fynsten, dy't geandewei de foarstelling 'ferklapt' wurde: ienfâld en krêft.
Tsien spilers, elk ien grutte rol en meardere lytse rollen, hiel moai en mei faasje dien! Wat moatte der in soad minsken efter de skermen klearstean om dat foar elkoar te krijen.
Bloedbân, in téaterhit fan Broadway en West End en no yn Burgum giet koartsein oer earm en ryk, folwoeksen wurden, mar ek oer byleauwe en it lot. Der binne noch fjouwer jûnen te gean: de ploech fertsjinnet folle tribunes.

Froukje Reitsema / Friesch Dagblad 23 maaie 2011