Efter de skermen

HÂLDE WY IT DROECH?

Oh wat in dei, 28 maaie 2011
 
Hjoed jaget de iene bui efter de oare. Dochs is de meteo fan de fleanbasis posityf.
En dochs in hast fol teater. Minsken ha noch mear guod meinaam om harren droech te hâlden. Gelokkich in soad reinkapes en net folle parapluus. Dan sjocht dyjinge dy't der efter sit ommers neat.

Der wurdt wat oergeunstich sjoen èn praat oer Atsje en har mannen fan SA en oaren, de band dy't boppe droech sit!
Dan giet de foarstelling nei it iepeningswurd fan de foarsitter los. In prima konsintraasje by de spilers en de technyk en as der dan wat misgiet ...it publyk hat it net troch. Wy hâlde it droech, in pear drippen. In prachtige foarstelling dy't opnij goed oerkomt op it publyk. In steande ovaasje opnij oan it ein.

En dan 00.00 oere....it begjint te reinen en dat giet efkes troch...
 
Oh wat in dei...
 
Foar de allerlêste foarstelling fan tiisdei 31 maaie binne der noch kaarten te krijen!

 

 MEARSIDICH BEJEFTIGE

Oh wat in dei,

…switte om eltsenien op’e tiid yn de smynk te krijen. Mar sels bliuwt Dries altyd in rêst útstrielen.
Dries de Vries fan Sumar wurket de lêste trije jier (wer) mei oan de iepenloftspullen fan Burgum. Dat hat de Samaritaan yn it ferline ek dien. It grimearen hat altyd al syn ynteresse hân. Fan berop wie hy skilder, de kwasten dy’t no brûkt wurde binne meastal gans lytser.


Dries hat in soad kursussen op syn fakgebied folge. Sa brûkt er al in tal jierren de airbrush technyk dy’t foar toaniel in hiel moai risseltaat jout. Mar foar it safier is dat de smynk koffer op ‘e tafel komt, hat Dries al in soad wurk ferset. Fan elke produksje makket hy in foarstúdzje dy’t omset wurdt yn in ûntwerp foar elts karakter ut it stik. Ek in ûntwerp fan it hierwurk is dêr in part fan. Dat ûntwerp wurdt mei de regy oerlein. As it goed is moat alles teplak falle by de foarstelling.
In útdaging foar Dries is it transformearen fan spilers yn ferskillende rollen. Ek it âlder wurden fan de karakters yn in stik hat syn ynteresse. Ferline jier koe er yn de ‘Simmer fan ‘45’ him dêr echt op stoarte. Wa wit wat ‘Bloedbân’ de taskôger dit jier bringe sil. Neist Dries wurkje ek altyd in fêste ploech smynkers mei him op. Ek in kapster is yn dizze ploech hiel belangryk. Foar Dries is in goeie sfear hiel belangryk.


Net allinne grime hat syn ynteresse,  Airbrush Make-up, tydlike tatoeages en Body- skulpturen hawwe syn oandacht. Sa no en dan jout Dries in kursus op smynk gebied.
Mar ek fotografy hat syn ynteresse. Ek dêryn jout hy kursussen. Op syn webside www.driesdevries.com is folle mear ynformaasje te finen.


Wy binne benijd nei de earste trochrin mei, ljocht, technyk, klean en smynk!


Oh wat in dei,
Jan Jonker


SYKJE EN NOCHRIS SYKJE 

Oh wat in dei,

 

…wer in hiel soad klean by inoar hong foar de foarstelling.


Yn harren nije bedriuwspân oan de Nieuwstad yn Burgum hingje de rekken mei de klean foar Bloedbân klear. Ima Zuidema en Carla Busscher binne noch net bekaam fan harren iepen dei by gelegenheid fan harren nije bedriuwspân. Se ferhiere dêr gala- en thema klean en klean foar berne/skoal feesten, mar metsje se dêr ek. It oare pân waard te lyts, no ha hja de romte. Dat is ek nedich foar harren útdaging: klean foar de teaterwrâld.


Foar de tredde kear soargje Ima Zuidema en Carla Busscher no foar de klean fan it iepenloftspul fan Burgum. Dit jier foar Bloedbân, in stik dat sa’n 25 jier lyn begjint. Rieneke de Haan en Theun Plantinga ha de regy yn hannen.
Ima en Carla wurkje mei in soad nocht, sjogge net op in oere tiid en ek net op in meter stof. By de foarstellingen striele hja alle rêst ut nei de spilers en meiwurkers. Ek foar in foarstelling ha hja noch de rest om mei in ploechje jonge spilers te kaarten.


Stof nuddels en knopen… It liket wol as hja der fan dreame. Wa wit is dit no harren dream. It begun úteinlik doe’t Ima de klean foar de krystmusikal fan it Partoer  (de iepenbiere basisskoalle yn Burgum dy’t in tal jierren in grutte krystmusikal opsetten hat) betocht, socht en makke. Dêr kaam in pear jier letter Carla by. In gouden tiim! In yndruk fan harren wurk is fansels op dizze webside, mar ek op www.outfittoneelkleding.nl te sjen.Wat se sjogge en betinke kinne se meitsje. Toanielklean is in hiel oar haadstik as klean foar deistich gebrûk. Der moatte faak in soad needgrepen dien wurde om gau te ferklaaien. Boppedat ha stoffen yn it keunstljocht in hiel oar effekt. Dat wurdt betocht en makke yn gearwurking mei de naaiploech.


Krekt dit jier wurdt op diize froulju minder berop dien. It stik spilet noch net sa lang lyn en dizze kear gean hja in soad út fan besteande klean. Boppedat moat in ferklaaïng bytiden sa hurd dat… der hast gjin tiid foar is.
Wat sil it wurde, wy binne wer benijd. Ik sjoch der nei út om alle klean op it poadium te sjen. Hiel wat oars as sa’n statysk rak…

Oh wat in dei,
Jan Jonker

 

SWITTE EN HURD WURKJE 

Oh wat in dei,


…prachtich waar. Moai waar om de lêste dingen yn it teater ôf te meitsjen. Waarm, mar dat is it al dagen lang en de sinne stiet heech boppe it teater. Middeis gewoan te waarm om te wurkjen.


Sûnt 2006 hat Jaap Groen it dekor makke yn Burgum. Doe foar Kakao, dêrnei foar de Opera. Mei Levy makke Jaap syn earste dekorûntwerp foar Burgum. Hy makke gebrûk fan it prachtige pannentek fan de Pleats dat sa foar in hiel moai plaatsje soarget op de eftergrûn. De frustraasje fan Jaap en de bouploech wie de jierren dêrfoar faak dat de Pleats fuortwurke wurde moaste efter in hiel grut (èn swier!) stik plastik, dat ek altyd dagen lang stonk as in murd…


By Levy rûn dat dekor gewoan oer yn it pannentek fan de Pleats. Wat in fynst! En dat is no Jaap. Dekors bouwe op in plak dy’t krekt wat ekstra’s hawwe! Yn goed oerlis en ek nea te beroerd om ris wat oan te passen foar de spilers as it net mooglik is om op te kommen, earne te sitten… Jaap… betinkt wol wat! Fansels hat er in soad help fan syn bouploech. In stel betûfte mannen dy’t de klappen fan de swipe kinne. Mannen dy’t lyk as Jaap hannen fan goud hawwe. Ik neam se hjir net, fierstente bang om immen te ferjitten!


Jaap Groen is in fakman. Hy hat syn eigen timmerbedriuw. Op www.fratsaria.nl is mear fan syn wurk te sjen.  Jaap makke,  neist syn ‘gewoane timmerwurk’, ek dekors foar Iepenloftspul Opsterlân, in foarstelling fan Mint de Hoop, Stone Mansion en fansels al jierren foar it Krystbal fan Weidum. In dekor fan Jaap is goed stevich, je sakje der net troch. Dat hat fansels ek wol wer in neidiel as it útinoar moat… Sa stevich, hast net wer útinoar te krijen. En alles wurdt wer brûkt. Sjoch mar goed dit jier, dan binne hiel miskien noch parten fan it dekor fan de Simmer fan ’45 te werkennen, às je goed sjogge teminsten.


Der sil noch wol wat dien wurde moatte… de keuken wol noch net goed rôlje, hoe komt dy bank it dekor yn … en ek wer ut…


Oh wat in dei,
Jan Jonker