Foarstelling

IEPENLOFTSPUL BURGUM SPILET 'PEER GYNT' YN 2012

Yn juny 2012 bringt Iepenloftspul Burgum de klassiker “Peer Gynt” fan de Noarske skriuwer Henrik Ibsen (1828-1906). Dit is faaks syn bekendste wurk. It is in lyryske komeedzje, dy’t him lêze en spylje lit as in mearke en giet oer 3 fazen yn it libben fan Peer Gynt. Hy groeit op by syn mem Aase yn in lyts berchdoarpke, dêr’t de doarpsbewenners him kenne as in fantast dy’t graach lige mei, sympatyk, mar opportunistysk. It famke Solveig, dat Peer moetet yn it doarp, sil in wichtige rol yn syn fierdere libben spylje. Troch in domdryste aksje wurdt Peer ferballe út it doarp. Fan dat momint ôf siket hy om rykdom en macht der’t er altyd fan dreamde. Dizze syktocht bringt him nei frjemde plakken, lannen en skepsels, oant hy - âld wurden - úteinlik fynt wer’t er al sa lang om socht..... Yn de foarstellingen sil bekende en minder bekende muzyk  te hearren wêze, mar ek stikken út de spesjaal komponearre toanielmuzyk fan Edvard Grieg sille net ûntbrekke. De regy is yn hannen fan Miranda Bolhuis, in kreative all-round teaterfrou, dy’t har eigen produksjehûs yn keunst en kultuer hat. Sy sil Peer Gynt bewurkje ta in stik fan hjoed de dei en Tineke Hoekstra sil de Fryske oersetting meitsje. De útfieringen fan it iepenloftspul binne op 15, 16, 20, 21, 23 en 26 juny 2012.

 

 Iderien dy’t helpe wol mei byg. dekor bouwe, kostúms naaie, posters plakke, kaartsjes kontrolearre of wat oars, kin him of har ek oanmelde op info@iepenloftspul.nl

 

GOUDEN GURBE!

Bloedbân hat dit jier de publykspriis wûn! Saterdei 8 oktober wie de útrikking fan dizze priis yn de Harmonie yn Ljouwert. Mear lêze? Sjoch ûnder 'Lêste nijs' en yn it 'Foto-album'.        

 

Bloedbân is it ferhaal oer de twillingbroers Mickey en Eduard, dy’t fuortdaalk nei de berte skieden wurde.

 

De biologyske mem, frou Jonkers, hat it net sa rom en har man is by har wei gien. Se bliuwt allinne achter mei in stik as wat bern èn yn ferwachting fan in twilling. Se wurket by de rike famylje Van Leeuwen.

 

Frou Van Leeuwen, kin gjin bern krije. Al gau kriget frou Van Leeuwen troch, dat frou Jonkers de twilling der finansjeel net by ha kin. Se bepraat frou Jonkers om ien fan de poppen oan har ôf te stean. Net ien mei fan dizze ôfspraak witte.
Frou Van Leeuwen docht foar de bûtenwrâld krekt oft se ek swanger is en dat fertelt se ek oan har man, dy’t yn it bûtelân is. Se lit frou Jonkers swarre op de bibel en set har mei drigeminten ûnder druk dat se de ôfspraken neikomme moat.

 

At de poppen berne binne, hellet frou Van Leeuwen ien fan de jonkjes op. Dêrnei jout se frou Jonkers dien en makket har bang mei it ferhaal dat de jonges noait witte meie dat se twillingbroers binne, omdat der dan wat ferskrikliks barre sil.

 

De jonges, Mickey Jonkers en Eduard van Leeuwen groeie op. De memmen besykje de jonges byinoar wei te hâlden, mar se komme inoar hieltyd wer tsjin, wurde sels goede freonen en fereale op itselde famke. Mar stadichwei wurdt de ynfloed fan it miljeu dêr’t se yn opgroeid binne dúdlik.

Eduard is as ienichst bern opgroeid yn rykdom en wurdt studint, wylst Mickey nei de middelbere skoalle oan it wurk moat om himsels te ûnderhâlden en mei justysje te meitsen kriget.


It liket derop dat de libbens fan de beide jonges fier útinoar rinne sille. Mar dan wurdt it geheim fan harren freonskipsbân ferret…

Lústerje hjir nei trije koarte fragminten (repetysjefersje!) :