Burgum spilet ‘Schindlers List’

16-07-2019 – Yn maaie 2020 spilet Iepenloftspul Burgum ‘Schindlers List’. 75 jier nei it ein fan de Twadde Wrâldoarloch spilet it ferhaal fan Oskar Schindler, dy’t yn de oarloch 1100 Joaden rêden, him ôf by it âld molkfabryk fan Burgm. De regy en de toanielbewurking binne yn hannen fan Theo Smedes.

Hasto belangstelling om mei te dwaan oan dit yndrukwekkende projekt, dan kinsto dy oant en mei 24 augustus 2019 oanmelde troch op kontakt te klikken boppe oan dizze pagina. Of stjoer in mail nei info@iepenloftspul.nl Do kinst oanjaan wat dyn belangstelling hat; in haadrol, in byrol of figuraasje.

 

Nijsoersjoch